OPROP: WURK FAN BERNARDUS NIEUWENHUIS (‘NAKKE’)

  • Dit onderwerp bevat 1 reactie, 2 deelnemers, en is laatst geüpdatet op door .
  • Aanmaker
    Onderwerp
  • #15188
    Hans
    Sleutelbeheerder
      Quote:
      Quote uit Hans op January 20, 2012, 21:21
      Gâns minsken yn ús doarp kinne de namme Bernardus Nieuwenhuis (1912-2001). Hy kaam fan De Rottefalle, dêr’t er ek meispile hat yn Polyphonia, mar hat lang wenne oan de Folgersterloane, tichteby de Wytse Peetswei. Wat de sport en it toaniel oanbelanget, wie er oriïntearre op De Kompenije. Bernardus Nieuwenhuis, ek wol bekend as “Nakke”, is fral bekend as ferstjinstlik skilder, dy’t hiel wat fan De Rottefalle en fan de buordoarpen op it doek fêstlein hat. Ein tachtiger jierren hat der yn De Rottefalle en 1994 yn Drachtster Kompenije sels in tentoanstelling west fan syn wurk.
      No is der yn Drachtster Kompenije sûnt koart in histoaryske kommisje. Yn dat fermidden is it idee ûntstien om yn 2012 omtinken te jaan oan it feit dat Bernardus Nieuwenhuis hûndert jier lyn berne is. As it heal kin, sil der in boek oer en mei wurk fan him gearstald wurde.
      Sadwaande is de Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije op syk nei al it wurk fan Nieuwenhuis. Dat kin wêze in skilderij, in pinnetekening, in akwarel, in achtersket fan in fersierde wein, in beskildere molkbus en neam sa mar op. Oan no ta ha we in stik of 400 wurken achterhelje kin, soms sels fan wurk dat yn Kanada of de Feriene Steaten telâne kaam is. Der moat lykwols folle en folle mear te finen wêze.
      Ús fraach is no: wa hat wurk fan Nieuwenhuis yn’e hûs of wit dat oaren wurk fan him ha? De Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije soe it tige op priis stelle dat jo dy ynformaasje trochjouwe oan ûnderkreaune. Dat kin fia de telefoan (0512-342912) of fia e-mail (corrykeuning@planet.nl). Jo kinne der wis fan wêze dat der foarsichtich mei de ynformaasje omgien wurdt.
      Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije
      http://www.drachtstercompagnie.jouwweb.nl
    1 reactie aan het bekijken (van in totaal 1)
    • Auteur
      Antwoorden
    • #15245
      jagertj
      Deelnemer

      • Je moet ingelogd zijn om een antwoord op dit onderwerp te kunnen geven.
       Posted by at