aug 172015
 
Mede-redacteur Jacob Roep van De Sneuper kreeg een email waarin studenten en mensen die Fries
kunnen schrijven worden opgeroepen aan een goed doel deel te nemen.
Op initiatief van de provincie Fryslân wordt er een Google Translate week georganiseerd.
Doel is, dat er op de website van Google Translate die week door zoveel mogelijk mensen zoveel mogelijk Engels (losse woorden en zinnen) in het Frysk vertaald worden. Want alleen als er genoeg Engels-Friese koppelingen zijn, kan het Frysk in Google Translate opnomen worden.
Voor deze 'oersetslach' is de hulp nodig van alle Friezen die een aardig woordje Frysk kunnen schrijven.
Al in 2012 deed ik in een blogartikel (Kan Google het Frysk redden?) een oproep en in 2014 weer.
Daarom de rest van dit artikel in de oorspronkelijke Friese tekst:

Op sneon 26 septimber 2015, de lêste dei fan de Fryske Google Translate Wike en tagelyk Europeeske taledei, wolle wy mei safolle mooglik fan ús (âld-)studinten en (âld-)dosinten, mar dus ek mei jim en gâns oaren, yn Grins byinoar komme, yn in moaie 'oersetomjouwing'. It doel is om dy deis mei-inoar in grut tal wurden oer te setten. Hoefolle oft dat wurde kinne, hinget fansels ôf fan it tal meidoggers en de dregens fan de oersetgefallen. Mar ús ambysjes binne heech. Wy dogge it net foar minder, en de saak is it wurdich.

It oersetten duorret fan likernôch 10.00 oant 16.00 oere. Fansels hoege jim net de hiele tiid oer te setten – as jim in pear oerkes meidraaie, is dat ek al prachtich – mar it mei wol. Foar kofje, tee en in lunch wurdt soarge. Om de dei sa memorabel mooglik te meitsjen én te soargjen dat jim manmachtich opsetten komme, meitsje wy fan dizze 'Fryske Google Translate Dei' in treffen fan alle universitêre en HBO-studinten en dosinten Frysk. Soks is dan tagelyk in prachtige gelegenheid om te netwurkjen.

Jim kinne jim opjaan troch foar 1 septimber in mail te stjoeren nei Willem Visser (w.visser@rug.nl). Yn 'e rin fan septimber krije alle meidoggers neiere ynformaasje.

 Leave a Reply

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.