mei 132012
 
Afgelopen week was ik voor mijn werk in New York en Boston. Gelukkig kon ik in Boston op zondagmiddag en -avond ook nog het Museum of Fine Arts en een basketbalwedstrijd van de Boston Celtics bezoeken.
Het museum heeft een groot gebouw met vele zalen, met een mooie mengeling van oude en moderne kunst. Er is een behoorlijke collectie zeventiende eeuwse Nederlandse meesters maar, anders dan normaal, vond ik de 'contemporary art' interessanter. Het is veel uitdagender en verrassender dan de voorspelbare landschappen en portretten uit de Gouden Eeuw. Een aparte tentoonstelling was gewijd aan het werk van de moderne prentenmaker Alex Katz. Heel mooi!

De basketballers van de Boston Celtics (met sterspelers Kevin Garnett en Paul Pierce) speelden een thuiswedstrijd in de TD Arena tegen de Atlanta Hawks, voor de play-offs van de NBA. In een tot de nok toe gevuld stadion kwamen de Celtics vrij gemakkelijk aan een 101-79 zege en daarmee een 3-1 stand in de Best of Seven serie. Inmiddels hebben ze met 4-2 de volgende ronde bereikt tegen de Philadelphia 76'ers die verrassend de favoriete Chicago Bulls uitschakelden.
Prachtig om te zien hoe het Amerikaanse publiek reageert op de rondlopende cameramensen als ze in beeld zijn op de jumboschermen.
Een opvallende speler in het team van Boston Celtics was de 2.11 lange Greg Stiemsma. Niet alleen was hij een van de weinige blanke en blonde spelers op het veld, ook zijn achternaam kwam me bekend voor. Bij het dorp Anjum in Noordoost Friesland ligt het buurtschap Stiem. In 1811 was er éen persoon die de naam Stiemsma als achternaam aannam in Friesland, te Anjum. Het was Uilke Douwes, met de kinderen:
Yme 33 jaar, te Anjum en kindskinderen: Uilke 6 jaar, Douwe 2 jaar, Wikjen 1 jaar.
Twee van zijn zoons noemden zich Stiemstra. De naam Stiemsma komt met name in Noordoost Friesland voor maar ook in de USA omdat er emigratie plaatsvondt.
De familie-genealogie is dan ook uitgezocht door ene William Stiemsma.

Greg Stiemsma is een eerstejaars NBA-speler, een rookie zoals de Amerikanen zo iemand noemen. Hij is 26 jaar, geboren in Randolph, Wisconsin, en speelde al bij 2 verschillende Turkse profteams alvorens hij 'gedraft' werd in de USA. Het publiek gebruikt al bijnamen als 'Steamroller' en 'The Dutch Steamer' en ik zag zelfs prikkelende t-shirts met 'Stiemsma, the other white meat'. Hij is vooral een sterke, hardwerkende blocker en verdediger, die de nodige rebounds pakt.

Reinder Tolsma schrijft in zijn Friestalige boerderijenboek 'Pleatsen yn Eastdongeradiel' (binnenkort integraal online op onze website!) over de oorsprong van de familieboerderij:
 6. BEWENNERS:      L.K. van Dijk, F. van Dijk-Veltman
    ADRES:          Healbeamswei 12 (Google maps)
    WENPLAK:        Eanjum
    PLEATSNAMME:    -
    FLOREENNUMER:   21
    GRUTTE YN 1640: 46 pm
    GRUTTE YN 1988: 34 HA
    YN GEBRUK AS:   Boupleats
    HUZING:         Kop-hals-romp 1806
    EIGNER:         L.K. van Dijk

Yn de Floreenkohieren stiet dizze pleats altiten  fermeld as lizzende "Op Stiem" en "In het  Vogellandt".  Hoewol't der leafst fiif pleatsen op Stiem leine, wie dizze pleats de iennichste mei de fermelding In  het  Vogelland.  Hjir sil it bûtendyks lân mei bedoeld wêze efter dizze pleats. De Guozzepolder bygelyks waard ek wol Vogelland neamd. Op âlde kaarten en yn guon boeken wurdt dizze pleats noch wolris betize mei it âlde Jeppema. Dit moat in fersin wêze want Jeppema lei tusken dizze pleats en Eanjum yn  (it heechje dat fan Jepma oerbleau, is noch wol yn it lân te sjen).
1640. Mooglik hat dizze pleats yn it  skiere  ferline  it eigendom west fan it kleaster Weert ûnder Moarre. In  register fan it kleasterguod út 1640 seit nammentlik fan de pleats fan Freerck Clasen, grut 46 pm, dat dy  ôfkomstich wie fan it kleaster Weert. It Stimkohier fan itselde jier lit sjen dat dizze Freerck Clasen buorke op dizze  pleats op Stiem en yndied 46 pm lân hie. Hjir moat  dus  deselde pleats mei bedoeld wêze en dan  hat  Freerck  dizze  âlde kleasterpleats fan de Steaten fan Fryslân oerkocht. In foargonger fan Freerck wie Dirck Johannes dy't yn 1618 as hierboer op de pleats siet.  Yn  1592  wurdt  Tijaerdt Roeleffs neamd. Hy moat foar elk fan de 46 pm dy't hy yn gebrûk hat, 12 stuorren betelje en de Steaten bepale dat  hy yn 1593 in ferheging tastean moat ta 14 stuorren  foar elke pûnsmjit. Dit lân fan kleaster Weert soe weromgean kinne op de  130 pm dy't Popke Monick yn 1511 fan it kleaster hiert. Ek in pear lytse stikjes yn ferskate oare  pleatsen  binne dan fan Weert. Folslein wissichheid is net te krijen  al  soe de pleats "Monnikhuis" ûnder Iesumsyl  (dizze  pleats  is wat der oerbleau fan Popke Monick syn pleats)  in  oanwizing jaan kinne: dy pleats leit net sa fier ôf.
1714. Ek dizze pleats rekket nei 1700 yn  hannen  fan  de  famylje Bergsma. It measte lân wurdt dan oan oare eigners trochferkocht en sa moat hierboer  Johannes  Alberts syn hier oan seis ferskillende lânhearren  betelje.  Meiinoar is hy 292 gûne kwyt foar de 50 pm lân dy't by  de  pleats hearre.
1760. Pytter Pytters kin mei de helte minder ta: 155  gûne. Hy hat 8 kij op de pleats en 4  hynders.  Syn  boulân makket dat jier 33 pm út en dat is  jierren  lang  wakker gelyk. De measte hierboeren buorkje mar in tsiental jierren op de pleats en meitsje dan wer plak foar in oar. Wat krekt de reden west hat, is net mear út te finen  mar  it soe best ris te meitsjen ha kinne mei in  te  hege  hierpriis dy't mear wie as de pleats opbringe koe.
1805. Dat feroaret om 1800 hinne. As Claes Jacobs yn 1805 fan de pleats giet, komt Yme Uilkes nei Stiem. Hy lit  yn 1806 in nije pleats bouwe en syn soan mei de earste stien lizze: "1806/ Den 17 april/ heeft Uilke Ymes/ den eersten steen/ gelegt aan dit gebouw", stiet op de  stien  yn  de foargevel. As Yme Uilkes yn 1811 in famyljenamme kieze moat, is  syn kar wol dúdlik: Stiemsma! Sa'n fyftich jier hat de famylje Stiemsma doe noch op dizze pleats buorke foar't de Van Eysinga's it eigendom oernaam ha. Doe kaam der ek wer in hierboer op de pleats en  ferskynden der wer yndruk meitsjende nammen ûnder de lânhearren, lykas Baron Mr. Wilco Julius van Welderen Rengers.  Dizze hat yn 1904 de boel nochris fernijd. Nei  de  soan  Johan Edzart kaam de pleats yn hannen fan in bernsbern:  Aletta Catharina.
    Bewenners:
    1805   Uilke Ymes Stiemsma
    1818   Yme Uilkes Stiemsma
    1828   Wikjen Stiemsma

    1858   Doede Jacobs van Eizinga
    1880   Thomas Gerrits Bouma (gie nei Amearika)
    1881   Jacob Holwerda
    1886   Emme Reinders Fokkema
    1891   Douwe Johannes Leegstra
    1892   Pieter Otto's de Vries
    1902   Bote Atzes Koudenburg
Fetje Botes Koudenburg kaam nei de dea fan har heit op de pleats (1912). Fetsje wie troud  mei  Minne  Lieuwes  van Dijk en sa kaam de earste boer mei de namme Van  Dijk op Stiem terjochte, in famylje dy't oant hjoeddedei ta  hjir buorket. Yn 1954 kaam Lieuwe Klazes van Dijk  (in  omkesizzer  fan Minne Lieuwes)op de pleats en hy hat dizze âlde pleats op Stiem yn 1976 oerkocht fan de famylje Van Welderen Rengers.

Het is ook interessant om op de naam Stiemsma in de Geografische Database van www.hisgis.nl te zoeken. Je vindt dan veel bouwland rond Anjum.

 Leave a Reply

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.