Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit event is voorbij.

Studiedag en uitreiking publicatie Beneficiaalboeken 1543 Friesland

18-10-2013

Gratis

Op 18 oktober sil in selekt selskip fan gelearden it belang fan de yn de Benefisjaalboeken oanbeane ynformaasje foar ferskate tema’s neigean. Yn alfabetyske folchoarder binne dat: Henk Bloemhoff (oer it taalgebrûk yn de Benefisjaalboeken fan Stellingwerf), Philippus Breuker (oer de himrikken, mieden en finnen yn de boarne), Karel Gildemacher (oer de beskriuwing fan it tsjerkelân), Merijn Knibbe (oer lân- en pachtprizen en de yntinsivearring fan it agrarysk grûngebrûk 6de ieu), Hans Mol (oer de religieuze konjunktuer 1517-1543), Jan Kuys (oer ferlykbere ynformaasje fan oare gebieten yn de Nederlannen), Paul Noomen (oer de Benefisjaalboekgegevens oangeande it âldste parochywêzen), Otto Roemeling (oer it komôf en de stúdzje fan de prysters fan 1543) en Dennis Worst (de ynformaasje oer de ûntginningsskiednis fan de Fryske feangebieten). De bedoeling is dat dy bydragen nei ôfrin útwurke en opnommen wurde sille yn in aparte bondel oer it belang fan de Benefisjaalboeken.

Wa’t de stúdzjedei bywenje wol, is fan herten wolkom. Mear ynformaasje: http://www.slideshare.net/sneuperdokkum/benificiaal-boeken-friesland-1643sjaal-web en
www.fryske-akademy.nl

Gegevens

Datum:
18-10-2013
Kosten:
Gratis
Evenement Categorie:

Locatie

Aljemint, Fryske Akademy
Doelenstraat 8
Leeuwarden,Netherlands
+ Google Maps

Organisator

Fryske Akademy
E-mail:
fa@fryske-akademy.nl
Website:
http://www.fryske-akademy.nl
 Posted by at